Fryske Ryk
Ut Wikipedy
|
It Fryske ryk (om 600 hinne oant 734) wie in ryk dat bestie yn de iere Midsieuwen. It ûntstie likernôch healwei de 7e ieu en einige mei de slach oan de Boarn yn 734 doe't de Friezen ferslein waarden trocht de Franken. It ryk waard bestjoerd troch keningen en rûn fan It Swin ( by Brugge yn Belgje ) oant de Weser (yn Dútslân) en Utert) wie it sintrum fan macht.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Grutte Folkeferfarren
Yn de 4e ieu rûn de macht fan it Romeinske Ryk werom en krige it noarden fan harren ryk te stellen mei ynfallen fan Germaanske folken. De Franken foelen benammen Galje yn en de Friezen en Saksen stutsen mei skippen oer nei Brittanje dêr’t sy plondertochten hâlden. Yn dy tiid leinen de Friezen har ta op piraterij en wennen se noardlik fan de Alde Ryn oant de Weser. Doe't de macht fan it Westlik-Romeinske Ryk ynstoarte en it Grutte Folkeferfarren op gong kaam, ferliet in grut part fan de Fryske befolking har wenplakken, en fêstigen se harren oan de oare kant fan de Noardsee.
[bewurkje seksje] Noardseekultuer
Dy ekspedysjes en de dêrút fuortkommende fêstigingen hienen grutte gefolgen, sy skoepen famylje- en hannelsbannen tusken de emigranten en de oerbliuwende befolking oan beide siden fan de Noardsee, de Fryske See sa as dy ek wol neamd waard. It gebiet tusken Fly en Wezer wie healwei de 6e ieu doe't de Trek einige it mulpunt fan in typysk heidenske beskaving, de Noardseekultuer, wêrta ek it Angelsaksyske Ingelân, Noard Dutslân, de Deenske Noardseekust en it Nederlânsk riviergebiet ta hearden. Oan it ûntstean fan dizze kultuer hat ek de fêstiging fan oare Germaankse folken as de Saksen, Angelen en Juten meiholpen. Dy folden de lege plakken op yn it Fryske terpegebiet fan de tsjintwurdige provinsjes Fryslan en Grinslân.
[bewurkje seksje] Untstean fan it Fryske Keningskip
Krekt as oare Germaanske folken wienen by de Friezen de stamhaadlingen yn it begjin de lieders. Sy waarden foaral keazen op grûn fan harren kwaliteiten, mar letter soe ek harren komôf meispylje. Yn tiden fan kriich wie it regel dat ien stamhaad de kriichshear waard. Dizze kriichshear dy't ek wol hartoch neamd waard, waard keazen en wie lieder salang as de oarloch duorre.
It wichtigste kenmerk foar it ûntstean fan it keningskip by de Germaanske folken wie lykwols de oanwêzigens fan in sintraal gesach en in klasse fan elite of eallju. Dit barde by de Friezen letter as by harren bruorrefolken dy't yn it Romeinske Ryk fêstige wienen. Pas op 'e ein fan de 6e ieu wie hjir sprake fan. Yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet, yn Noard-Westergoa wie doe sa'n gesach, polityk lieder of kening.
De macht fan dizze kening waard bepaald troch it oantal minsken dat hy troch it jaan fan presintsjes oan him bine koe. De grinzen fan syn keninkryk wie dêrtroch fleksibel en joegen de berik oan fan it netwurk fan persoanlike relaasjes dy't de kening opboud hie. Fierder hie de kening neffens politike, ek sakrale macht, en spile hy in wichtige rol yn de religy. Krekt as yn de Angelsaksyske wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening.
De earste Fryske keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken. By de Friezen wienen dat foaral de Franken.
[bewurkje seksje] Utwreiding fan it Fryske Ryk
It Fryske keninkryk dat yn de rin fan de 6e ieu stal krige wie earst mear in federaasje fan ferskate gebieten dy't ta in sekere hichte troch in sintraal gesach ferbûn wiene. Yn dy tiid hearde de delta fan de Ryn en Maas net ta it Frankyske Ryk fan de Merovingen. De Fryske keningen dy't hieltyd mear in macht fan betsjutting waarden, krigen doe ek belangstelling foar dit gebiet en ûnder de foargongers fan kening Aldgillis kaam der in Fryske machtsútwreiding nei it hert fan Nederlân. Skiedkundigen tinke dat foaral noardlik Westergoa yn'e beneaming komt as it gebiet dêr't de Fryske keningen oarspronklik wei komme en dat mooglik kening Audulf om-ende-by 600 yn de kriich súksesfol wie.
Lykwols hienen net allinnich de Friezen belangstelling, ek by de Franken wie yntresse en likernôch 630 waard it gebiet súdlik fan de Alde Ryn troch de Frankyske kening Dagobert ferovere op de Friezen. De Franken brochten harren leauwen mei nei dizze kriten, it kristendom en bouden yn Utert in tsjerke. Nei it regear fan Dagobert koenen de Franken harren dêr net hanthavenje en omtrint 650 kaam it rivieregebiet wer yn hannen fan de Friezen. Under de Fryske kening Redbad soe it Fryske Ryk yn it begjin fan de 8e ieu har grutste útwreiding krije.
[bewurkje seksje] De Fryske keningen
[bewurkje seksje] Audulf
Kening Audulf moat om-ende-by 600 syn machtsbasis hân hawwe yn Eastergoa en súksesfolle kriich fiere tsjin de Franken. Nei alle gedachten hat er it Fryske machtsgebiet fierder nei it suden ta útwreide.
[bewurkje seksje] Aldgillis
Kening Aldgillis hie syn machtsbasis yn it sintraal riviergebiet yn de tsjintwurdige provinsjes Hollân en Utert. Hy residearre wierskynlik yn Dorestêd of Utert en neffens guon wittenskippers rûn syn ryk fan it Swin (by Brugge) oant de Weser. Under syn regear krigen de Friezen it oan'e stok mei de Frankyske hofmeier Ebroin. Dêrby wie de behearsking fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de fijannichheden. Aldgilles koe mei syn legermacht de Franken op in ofstân hâlde. Yn de winter fan 678 ûntfong Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en joech dizze in ûnderkommen. Likernôch 680 stoar de Fryske kening en waard opfolge troch syn soan Redbad.
[bewurkje seksje] Redbad
Redbad hie te krijen mei de hofmeier Pippyn II, de nije sterke man yn it Merovingyske ryk. Yn 690 ferlear Redbad de slach by Dorestêd en gie it gebiet súdlik fan de Alde Ryn ferlern. De Franken sleaten in ferdrach mei de Friezen dat besegele waard mei in houlik tusken Theudesinde, de dochter fan Redbad en in soan fan Pippyn, Grimoald. Mei de dea fan Pippyn feroare de situaasje. Redbad gong op oarlochspaad en slagge deryn de ferlerne gebieten werom te feroverjen. Yn 716 fersloech hy mei syn leger hofmeijer Karel Martel yn de slach by Keulen.
[bewurkje seksje] Poppo
Nei alle gedachten waard Poppo yn 719 de opfolger fan Redbad doe't hy ferstoar. Dizze kening krige yn 733 te meitsjen mei een grutte oanfal troch de Frankyske hofmeier Karel Martel. It leger fan de Friezen waard werom slein nei Eastergoa, dêr't de Friezen yn 734 de slach oan de Boarn ferlernen. Kening Poppo skeat it libben der by in.
[bewurkje seksje] Ein fan it Fryske ryk
It ferliezen fan dizze slach hie as gefolch dat de gebieten westlik fan de Lauwers yn Frankyske hannen kamen en allinnich eastlik hjirfan har selstannigens holden. Lykwols wie it oerbleauwend part benammen in satellytsteat. De opfolger fan Poppo, in kening waans namme wy net kenne, wie yn 748 ferplichte om bystân te jaan oan hofmeier Pyppyn III doe't dizze kriich fierde tsjin de Saksen. Karel de Grutte soe lang om let yn 772 in ein meitsje oan it Fryske ryk.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Referinsjes
- ↑ De eerste koningen van Nederland, side 21, Aspekt útjouwerij, ISBN 9789059113237
- ↑ Nei de Slach by Keulen
- ↑ De eerste koningen van Nederland, side 22, Aspekt útjouwerij, ISBN 9789059113237
[bewurkje seksje] Literateur
- H. Halbertsma Frieslands Oudheid, 2000, ISBN 9789053451670
- G. Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, siden 68-69
- P. Pentz e.o., Koningen van de Noordzee, 2003, siden 55-74.
- J.J. Kalma e.o. Geschiedenis van Friesland, 1980, siden 95-110.