Flaanderen
Ut Wikipedy
Flaanderen is it noardlike lânsdiel fan Belgje, dêr't benammen Nederlânsk sprutsen wurdt , wylst de fiertaal yn it súdlike part Waloanje Frânsk is. De offisjele namme is de Flaamske Mienskap. It gebiet Flaanderen omklammet allyksa Brussel en de omlizzende gemeentes. Yn it noarden fan Frankryk leit Frânsk Flaanderen
Flaanderen omklammet Brussel en de provinsjes:
1 Provinsje Antwerpen
2 Belgysk Limburch
3 East-Flaanderen
4 Flaamsk-Brabân
5 West-Flaanderen
[bewurkje seksje] Klimaat en lânskip
Yn Flaanderen hearskje twa klimaattypen: oan de kust is der in echt seeklimaat en fierder it lân yn in lânklimaat. Oer it generaal wurdt it lânskip fan Flaanderen omskreaun as it lege part fan Belgje mei oan de kust strânen, folge troch in strook dunen mei polders. Nei it easten lizze de Kempen met in protte bosken. De wichtichste rivier is de Skelde dy't by Nederlân yn de Noardsee útrint.
[bewurkje seksje] Oerheid
Flaanderen is in dielsteat fan Belgje, mei in eigen regearing, in eigen parlemint en in eigen begrutting. It Flaamsk parlemint, dat om de 5 jierren op 'e nij ferkeazen wurdt, hat wetlik foech yn de regio Flaanderen. It foech fan de Belgyske federale oerheid en dat fan de Flaamske regearing wurde fêstlein troch demokratysk oerlis tusken de ferskate mienskippen en feroaret noch hieltyd.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Waloanje
- Brussel