Meidogger oerlis:Drbreznjev
Ut Wikipedy
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wolkom
Wolkom by de Fryske Wikipedy. Ik hoopje dat jo der nocht yn hawwe sille oan dit projekt mei te dwaan.
Mei groetenis fan Aliter 21.11, 15 dec 2003 (UTC)
Als vreemdeling hier, heet ik je toch van harte welkom! Ellywa 23.37, 16 dec 2003 (UTC)
Wolkom Drbreznjev! Amarant 15.11, 17 dec 2003 (UTC)
[bewurkje seksje] Lemsterlân
Ik haw Skoattersyl op Fryske doarpen by de buorskippen delset, en fan de Lemsterlân-side weihelle, om't Bantegea dêr al neamt wurdt. Witte jo genôch fan Bantegea om dy side te skriuwen, mei (al) de buorskippen dy't der by hearre? Aliter 21.22, 15 dec 2003 (UTC)
Binne jo der wis fan dat Fjouwerhûs ta Dolsterhuzen heart? Ik hie tocht dat it in part fan Skarsterlân wie? Faaks ûnder Rotsterhaule. Of leit der ek in part besúden de Broeresleat? Aliter 01.41, 17 dec 2003 (UTC)
It part súdlik fan de Broeresleat heart by Dolsterhuzen begryp ik. Witte jo by gefal ek hoe't dat is foar it part noardlik fan de Fjouwerhústerbrêge? Ik kin net fine of it al dan net by Rotsterhaule heart. Aliter 01.34, 18 dec 2003 (UTC)
Ik seach dat jo útfûn hienen dat it noardlik fan de brêge ek Fjouwerhûs hjit, dat ik haw Fryske doarpen dêr oan oanpast. Aliter 00.33, 3 jun 2004 (UTC)
Ik haw Bantegea noch wat oanpast. Ik haw oannaam dat dy feiten fan in argeologyske fynst kamen, mar ik wit der neat fan, dat as it oars is passse jo dat mar oan. (Jo sjogge grif, it falt wol wat ta mei dat Frysk. As men ien kear wat skriuwt wurdt it fansels makliker; en de opset fan de Wikipedy makket it foar oaren mooglik lytse flaterkes noch oan te passen.) Aliter 02.11, 18 dec 2003 (UTC)
[bewurkje seksje] André-Marie Ampère
Hallo, Drbreznjev; in skoftke net sjoen. Moai dien mei die oersetting fan André-Marie Ampère. Ik haw der al wat oan feroare, fral oer dat lesjaan, mar dat wie om't de Nederlânske ferzje dêr net dúdlik oer wie. Mar dat oersetten is op sich in moaie manier om siden ta te foegjen. Aliter 00.35, 13 dec 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Net mear nediche siden
Dat mei dy (net mear) nedige siden, dat wurdt dien troch de kompjûters dêr't Wikipedia op rint. Mar it bliuwt wat benefter by de feroarings dy't wy sels dogge. Sadwaande. Aliter 23.14, 20 dec 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Wikipedy:Oanspraaklikens
Dit is spytich. Ik hie sjoen dat jo mei Wikipedy:Oanspraaklikens dwaande wienen, mar ik hie net sjoen dat dat deselde side wie dy't ik earder oerset hie as as Wikipedy:Foarbehâld.
Ik hie dy namme naam by it oersetten om't der krekt gjín oanspraaklikens wie. Der wie in organisaasje dy't dúdlik hawwe woe dat sy net oanspraaklik wienen. Dat, ik hie lykas by de oare Wikipedyen in foarbehâld op de haadside delset, mar net betocht dat der faaks in oare keppeling nei Oanspraaklikens wêze koe. Sorry foar it wurk om neat. Aliter 22.23, 4 jan 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Wyt-Ruslân
Dit artikel wordt ook in de nl talige wikipedia regelmatig gevandaliseerd door gebruiker en:User:Rydel Hij vind dat de hele wereld zijn land Belarus moet noemen. Waerth 10.20, 26 feb 2005 (UTC)
- 193.111.133.27 is een IP adres in Praag Tsjechie waar Rydel woont Waerth 10.23, 26 feb 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Tank
Tank foar de help by 2005. Skynber hie ik dêr besocht om altefolle yn ien kear te dwaan. Ik seach dy feroaring oanjûn en ik tocht: Wat haw ik, no't ik dat allegear dien haw, noch ferjitten? En doe seach ik wêr't ik Life-8 delset hie. <glimket> Sjoch: wy meitsje hjir allegear flaters, mar tegearre dogge wy it goed. Aliter 19.30, 29 okt 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Wikizine
Hi, I am w:nl:gebruiker:Walter of the dutch Wikipedia. I am writing you because your are listed as ambassador of your wiki. I have something to say that I think you will find useful and possibly others of your wiki also.
You know it is not easy for the members of a local wiki to be informed about what is going on in the higher levels of the Wikimedia family. This because of the language problem and the high level of fragmentation of places where you can find information.
I am now making a weekly news letter (Wikizine) that attempts to provide the news of the Wikimedia projects. The concept is to list only a very short description of the news an give the relevant url to the subject. I want it to be short, only give the news that is important for all projects. The target audience include the ambassadors. It is for people who are interested in what it going on outside there own wiki. I emphasize on the news that is practical-technical. The information comes form several "news"-pages on several wikis, the mailinglists and IRC. There will be news I can not discover. If you have news found somewhere or from you own wiki please let my know. wikizine AT wikipedia.be
I can only create one version in something that supposed to be English. I count on the readers to inform there local wiki about the news in there own language.
Wikizine is send by use of the mailinglist Announce-l. It is only used for this. So people can subscribe without being swamped by emails like the lists.
http://mail.wikipedia.org/mailman/listinfo/announce-l
I hope that you and others of your wiki will subscribe to Wikizine and give feedback. So that Wikizine can become really a source where Wikimedians can find out what is going on. Greetings, w:nl:gebruiker:Walter PS: do not respond here. I will not see it.
[bewurkje seksje] Bugzilla
[bewurkje seksje] Plak fan auteursrjochberjocht
De bewurkingsside is feroare, en no wurdt it auteursrjochberjocht tusken it bewurkingsfjild en de knoppen werjûn. Kinne jo mei jo ynternasjonale kontakten ris neifreegje of it liket dat dit sa bliuwt? Wy hawwe net sa'n bult meidogers dat wy nije meidoggers fuortjage kinne mei net goed yndielde siden, dat oars moatte wy der sels wat oan dwaan. Aliter 01.39, 5 des 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Skrapkes
Fierders hawwe wy ek hieltiid noch skrapkes yn ús getallen, yn stee fan stippen. Aliter 01.39, 5 des 2005 (UTC)
Jo fregen krekt op hokfoar siden der skrapkes yn stee fan stippen yn de getallen brûkt wurde. Dat is net op spesifike siden sa, mar yn getallen fan de Wiki. De getallen dy't troch it sêftguod oanmakke wurde, lykas it tal fan siden (8.473), hawwe skrapkes krigen. Dat is in kear by in sêftguodoanpassing ferkeard gongen, mar wy hawwe it doe lizze litten om't it by in hiel soad wikipedyen ferkeard gongen wie. In Wikipedia-brede korreksje is der lykwols nea kaam, dat der moat hieltiid noch wat oan dien wurde. Aliter 20.51, 24 des 2005 (UTC)
- Changed to 1.234,56 in fy.* as requested in bugzilla:4382 — Nikerabbit 22,42, 28 des 2005 (UTC)
- And fixed the time format breakage caused of that change. :) Happy wiki'ing. — Nikerabbit 22.48, 28 des 2005 (UTC)
Ynienen binne wy fan krekt wat mear as twa siden nei mear as twatûzen siden gongen; net in soad Wikipedys hawwe sa'n waakst. Aliter 00.33, 2 jan 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Datum
Ik sjoch no dat no't wy de getallen goed hawwe, wy wer werom binne by "jan 23, 2006", yn stee fan "23 jan 2006". It nuvere is dat ús ynstellings yn oarder wienen nei't Nikerabbit foarbykaam; yn syn sinjatuer stiet de datum noch goed, mar trije wiki letter binne hja wer ferkeard. Aliter 22.55, jan 23, 2006 (UTC)
- Ik haw de âlde bug (bugzilla:3629) oer de datum en tiid opnei iepene. Dr. Breznjev 08.12, apr 28, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Dualisme
- Dualisme
- In ienheid opboud út twa yn de grûn ferskillende parten.
- Dualisme yn religy(s)
- It idee dat de skepping dien is/wurdt troch twa ferskillende machten, mei ynbegryp fan in trochgeande striid fan goed en kwea om it besit fan in siel en fan de skepping.
- Deïsme
- It idee dat de skepping folslein is, wat betsjut dat alle ûntwikkelings dêrfan al, of net, foarsjoen binne op it stuit fan de skepping, wêr't wer út fuortkomt dat der hiel beslist gjin trochgeande oanwêzigens fan in hegere macht is (dy't dan ek net mei in twadde stride kin).
Ik hoopje jo witte noch hoe't jo dizze betizing ynelkoar draaid hawwe, en dy sa dan ek wer útelkoar draaie kinne. Aliter 00.33, 2 jan 2006 (UTC)
- Ik bin inderdaad de mist yngong, ik tocht dat deïsme tusken it monotheïsme en it polytheïsme yn stean soe. Mar dat haw ik by it ferkearde ein hân. Ik haw de side Deïsme oanpast oan it ferhaal fan it Dualisme. Ik haw it diel fan Woadan ûnder Teology skaart. It soe moai wêze at jo de side Dualisme wiskje koenen. Dan kinne wy de side Deïsme werneamje ta Dualisme. Ik soe sels wol in stobbe kinne meitsje oer it wiere Deïsime. Ik hoopje dat it in bytsje te begrypen falt mei dizze bewurdingen. Dr. Breznjev 19.01, 2 jan 2006 (UTC)
It wie my ûntkaam mar B. hat it foar ús oplost.
Graach by it op 'e nij oanmeitsje fan Deisme gjin dielteken. Aliter 20.01, 5 jan 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Fan Nederlân
Dat eardere oerlis wie oer Keninginne Juliana, dy't doe al hystoarysk wie. Ik soe sizze dat dat foar de hjoeddeiske leden fan it Keningshûs minder passe soe. Dêr soe de titel fan dat momint grif it meast opfrege wurde. Aliter 18.40, apr 23, 2006 (UTC)
- Ik haw der net by nei tocht, jo hawwe gelyk in it feit dat Keninginne Beatrix mear opfrege wurde sil dan Beatrix fan Nederlân, beinammen yn dizze tiid. Ik hie earst moatte oerlizze oer hoe't wy omgeane mei sokke saaken en net lyk moatte ôfgean op âld oerlis. As ik it goed begryp, meitsje wy foar hystoaryske leden fan it Keninklyk Hús siden mei Namme fan Nederlân oan en foar hjoeddeiske leden Titel Namme oan, krekt? Is dat dan allinich foar ús Keningshús sa oft ek foar de bútenlânske? Oftewol is it Kening Albert II oft Albert II fan Belgje? Dr. Breznjev 08.12, apr 28, 2006 (UTC)
Sa't it groeid wie, wie it:
- Hjoeddeiske leden fan it Nederlânsk Keninklik Hús (of faaks de Keninklike Famylje) op Titel Namme. (Synonimen soenen al goed wêze om it konsekwint te hâlden.
- Histoaryske leden fan it Nederlânsk Keninklik Hús (of faaks de Keninklike Famylje) op Namme fan Nederlân. Hjir hawwe wy gjin synonimen op Titel Namme, mar dy soenen der tink al by moatte.
- Oare ealju op Namme fan Gebiet. At der ferlet fan is kin fansels alris in synonym tafoege wurde, mar bygelyks Kening Albert II liket konsekwint keppele nei de side Albert II fan Belgje.
Aliter 21.00, mai 9, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Hello!
this is Cathy from Hong Kong working on a research about trust on Wikipedia. I wonder if you would kindly contact me at researchingmedia@gmail.com? I'd like to chat with you about Wikipedia of your language. Would you kindly drop me your email or IM (Skype, MSN, AIM or ICQ)? It wouldn't take more than ten minutes, but it would help enormously for us to understand the overall trust-based social landscape of Wikipedia. Thank you!
[bewurkje seksje] Translation Request (2 sentences)
For the front page of the Novial Test Wikipedia it would be nice to have a West Frisian translation of the following 2 sentences:
<>
Welcome to the Wikipedia in the Novial language!
You can read about the international auxiliary language Novial here.
<>
See the original request at Wikimedia Incubator here.
What flag or other symbol may I use next to the translation? (I'm using flags as far as possible.)
Thank you, Nov_ialiste
- Ik kaam krekt foarby:
- <Wolkom by de Wikipedy yn it Novial!>
- <Hjir kinne jo lêze oer de helptaal Novial.>
- Aliter 00.39, 17 sep 2006 (CEST)