Wikipedy:Bots
Ut Wikipedy
Op de Wikipedy is ek in tal fan bots aktyf. Foar it meastepart hawwe dy bots it doel ynterwiki-keppelings oan te bringjen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Aktive bots
De bots dy't op it stuit dwaande binne mei de ynterwiki binne mear as genôch foar dy funksje, om't it bywurkjen fan de Fryske Wikipedy gewoan in sydlings gefolch is fan it bywurkjen fan Wikipedyen mei hûnderttûzenen siden. Bots dy't dêrfan mear as ynsidinteel aktyf binne op de Fryske Wikipedy hawwe hjir in eigen meidoggernamme. At hja sa drok binne dat de side Koartlyn feroare fol stean soe mei harren wizigings, dan is foar dy meidoggers de botstatus ynsteld, dat harren bewurkings foar Koartlyn feroare net sichtber binne, útsein jo freegje dêr om.
Hokfoar meidoggers op dit stuit botstatus hawwe kinne jo sjen yn de meidoggerlist.
[bewurkje seksje] Nije bots
At immen in bot mear as ynsidinteel op de Wikipedy wurkje litte wol, dan is it goed at er foar dy bot in aparte meidoggernamme oanmakket, dêr't dúdlik út blykt dat it om in bot hannelet. Guon meidoggers sette bygelyks foar dy meidoggernamme Bot efter harren gewoane meidoggernamme.
Lykas fan oare meidoggers wurdt fan sa'n botmeidogger ferwachte dat er allinnich feroarings oanbringt ta ferbettering fan de Wikipedy, en dat er him hjir hâlde kin.
At in bot in steurende mannichte oan wizigings dwaan sil, dan is it baas at de bestjoerder der yn it foar botstatus foar oanfreget. Dat kin gewoan op de Oerlisside dien wurde. At in bot sjen litten hat dat er terjochte wizigings oanbringt, dan sil nei in koarte tiid nei sa'n fersyk de botstatus ynsteld wurde. Hjirfoar wurdt mûglik in wike tiid naam foar reaksjes; oant de botstatus ynsteld is moat de bestjoerder de bot fansels net steurend aktyf meitsje.
[bewurkje seksje] Ynterwiki
De ynterwiki op de Fryske Wikipedy is oardere nei alfabet fan de taalkoades. Net alle bots binne lykwols likegoed programmearre foar oarders mei twa nivo's, lykas de i/y-kombinaasje yn it Frysk. Dêrom wurdt hjir in oardere list byholden fan de koades fan alle wikipedyen, dy't yn bots brûkt wurde kin om de oarder nei te gean.
(Lêste feroaring - tafoege: bar, bpy, bxr, cdo, cu, diq, eml, hsb, lbe, mzn, new, nov, pag, tokipona, wuu, zea - Aliter 02.52, 3 okt 2006 (CEST).
[ 'aa', 'ab', 'af', 'ay', 'ak', 'als', 'am', 'an', 'ang', 'ar', 'arc', 'as', 'ast', 'av', 'az', 'ba', 'bar', 'be', 'bg', 'bh', 'bi', 'bm', 'bn', 'bo', 'bpy', 'br', 'bs', 'bug', 'bxr', 'ca', 'cdo', 'ce', 'ceb', 'ch', 'chy', 'cho', 'chr', 'cy', 'co', 'cr', 'cs', 'csb', 'cu', 'cv', 'da', 'de', ' diq', 'dv', 'dz', 'ee', 'el', 'eml', 'en', 'eo', 'es', 'et', 'eu', 'fa', 'ff', 'fi', 'fy', 'fiu-vro', 'fj', 'fo', 'fr', 'frp', 'fur', 'ga', 'gd', 'gl', 'glk', 'gn', 'got', 'gu', 'gv', 'ha', 'haw', 'he', 'hi', 'hy', 'ho', 'hr', 'hsb', 'ht', 'hu', 'hz', 'ia', 'id', 'ie', 'ig', 'ii', 'yi', 'ik', 'ilo', 'io', 'yo', 'is', 'it', 'iu', 'ja', 'jbo', 'jv', 'ka', 'kg', 'ki', 'ky', 'kj', 'kk', 'kl', 'km', 'kn', 'ko', 'kr', 'ks', 'ksh', 'ku', 'kv', 'kw', 'la', 'lad', 'lb', 'lbe', 'lg', 'li', 'lij', 'lmo', 'ln', 'lo', 'lt', 'lv', 'map-bms', 'mg', 'mh', 'mi', 'my', 'mk', 'ml', 'mn', 'mo', 'mr', 'ms', 'mt', 'mus', 'mzn', 'na', 'nah', 'nap', 'nds', 'nds-nl', 'ne', 'new', 'ng', 'ny', 'nl', 'nn', 'no', 'nov', 'nrm', 'nv', 'oc', 'om', 'or', 'os', 'pa', 'pag', 'pam', 'pap', 'pdc', 'pi', 'pih', 'pl', 'pms', 'ps', 'pt', 'qu', 'rm', 'rmy', 'rn', 'ro', 'roa-rup', 'roa-tara', 'ru', 'rw', 'sa', 'sc', 'scn', 'sco', 'sd', 'se', 'sg', 'sh', 'si', 'simple', 'sk', 'sl', 'sm', 'sn', 'so', 'sq', 'sr', 'ss', 'st', 'su', 'sv', 'sw', 'ta', 'te', 'tet', 'tg', 'th', 'ti', 'ty', 'tk', 'tl', 'tlh', 'tn', 'to', 'tokipona', 'tpi', 'tr', 'ts', 'tt', 'tum', 'tw', 'udm', 'ug', 'uk', 'ur', 'uz', 've', 'vec', 'vi', 'vls', 'vo', 'wa', 'war', 'wo', 'wuu', 'xal', 'xh', 'za', 'zea'; 'zh', 'zh-cn', 'zh-yue', 'zh-min-nan', 'zh-tw', 'zu' ]
[bewurkje seksje] Feroaringswurden
Foar (ynterwiki)-bots dy't harren oanpasje kinne oan de taal dêr't hja oan wurkje, kinne ek dizze trije wurden dy't feroarings omskriuwe noch gaadlik wêze:
: | wurd | earder ferzje | aktuéle ferzje |
---|---|---|---|
+ | derby | [[xx:titel]] | |
* | oars | [[xx:titel]] | [[xx:namme]] |
- | fuort | [[xx:titel]] |