See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Aastersk - Wikipedy

Aastersk

Ut Wikipedy

Aastersk
oare namme(n): n.f.t.
Ingelske namme: Oosterschellings
eigen namme: Aasters
sprutsen yn: Nederlân
taalgebiet: it eastlike part fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge
tal sprekkers (2004): 200 (skatting)
dialekten: gjin
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Frysk - Westerlauwersk Frysk - Aastersk
skrift: it Latynske alfabet
Bibeloersetting: gjin
taalstatus: it Aastersk wurdt beskôge as in dialekt fan it Frysk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoade ISO 639-1: n.f.t.
taalkoade ISO 639-2: n.f.t.
taalkoade ISO 639-3/DIS: n.f.t.

It Aastersk is it Fryske dialekt fan it eastlike part fan it waadeilân Skylge. It wurdt sprutsen troch likernôch 200 almeast âldere minsken yn it doarp Aasterein en omkriten. Dat sprekkersoantal nimt de lêste tsientallen jierren fluch ôf.

It Aastersk is nau besibbe oan it Skylgersk, it dialekt fan it westlike part fan Skylge. De beide susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan Skylge.

[bewurkje seksje] Skiednis

Lange tiid is oannommen dat East- en West-Skylge frij jonge koloanjes op in yn wêzen Hollânsktalich eilân wienen, fan Friezen dy't oarspronklik út 'e Súdwesthoeke ôfkomstich wienen. Mar tsjintwurdich wurdt oannaam dat de hjoeddeiske taalsitewaasje op Skylge mei twa Fryske dialekten op 'e úteinen en in Hollânsk dialekt yn 'e midden, feroarsake is troch in ieuwenlange oerhearsking troch Hollân fan it oarspronklik hielendal Frysktalige eilân. Dêrby wie Midslân nammentlik it bestjoerssintrum en is de befolking dêre stadichoan ferhollânske. Hjir moat by opmurken wurde, dat Skylge earst yn 1942 in ûnderdiel fan 'e provinsje Fryslân wurden is; foartiid hat it ieuwen ta Hollân heard.

Behalven in sterke ynfloed fan it Hollânsk is der yn it Aastersk ek in lichte Noardgermaanske ynfloed werom te finen. Men kin oannimme dat dy fuortkomt út it feit dat de Skylger maatskippij ieuwenlang op 'e see oriïntearre wie - mei fiskerij en hannel as foarnaamste ynkomsteboarnen - dêr't kontakten mei Skandinavyske lannen of lju út dy kontreien geregeldwei by foarkamen. In foarbyld fan dy ynfloed is bygelyks it wurd "jeure" foar "dwaan". Ferlykje it Deenske "gøre", it Sweedske "göra" en it Noarske "gjøre", werby betocht wurde moat dat yn 'e Noardgermaanske talen, it Deensk útsûndere, in "g" foar in "ø" útsprutsen wurdt as in j-eftige klank.

Yn 1976 waard troch de Fryske Akademy it Woordenboek van het Oosterschellings - Wêdenboek fon et Aasters publisearre.

[bewurkje seksje] Ferskillen mei it Standertfrysk

De beide susterdialekten Skylgersk en Aastersk lykje gâns opinoar, hoewol't der ek dúdlike ferskillen binne. Mar mei it Standertfrysk binne de ferskillen folle grutter, hoewol ek wer net sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar komt. Dy ferskillen lizze mar foar in lyts part op it mêd fan it leksikon, bygelyks "ta" foar "heit", "poeë" foar "beppe" en "kiwyt" foar "ljip". Nammenstemear lizze dy op it mêd fan 'e klanklear. Sa jout it Aastersk "trea" foar "trije", "jiw" foar "leaf", "snjoon" foar "sneon" en "hoeng" foar "hûn".. Fierders is it Aasterske ekwivalint fan 'e Frysk "sk" de yn it Frysk net foarkommende klank "sch", bygelyks "schiep" foar "skiep", "schôd" foar "skaad" en "schruwër" foar "skriuwer".

De lokaasje fan it Aasterske dialekt yn it Fryske taalgebiet.
De lokaasje fan it Aasterske dialekt yn it Fryske taalgebiet.

Ek de stavering wykt nochal ôf fan it Standertfrysk. Oan 'e ein fan wurden wurdt de letter "g" skreaun wêr't it Standertfrysk "ch" hat: ferlykje "berg"-"berch" en "trog"-"troch". Fierders wurde de stomme "r" en "l" net stavere: ferlykje "east"-"earst" en "sôt"-"sâlt". Ek wurdt it yn 'e Fryske stavering beholden ferskil tusken de "â" en de "ô" net werjûn; it Aastersk skriuwt foar beide "ô": ferlykje "ôd"-"âld". Krekt sa wurdt de "o"-klank fan "hok" altyd mei in "o" skreaun: ferlykje "fon"-"fan". Ek wurdt de lange "ú" (fan "drúf") skreaun as "uu", lykas yn "huus", "hûs". Boppedat komt de letter "û" net foar; dy klank wurdt altyd skreaun as "oe". Oarsom komme der ferskate twaklanken foar dy't it Standertfrysk net ken:

  • "ae" - "pae", "pake" - útsprutsen lykas it Dútske "Nahe".
  • "aau" - "blaauw", "blau" - mei in ekstra lang útsprutsen au-klank.
  • "ôa" - "fôale", "fôle" - mei in ekstra lang útsprutsen ô-klank.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • K. Boelens en oaren, Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981.
  • K. Jansma, Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
  • C. Roggen, Woordenboek van het Oosterschellings - Wêdenboek fon et Aasters, Ljouwert, 1976. Ek digitaal beskikber
Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -