Tûfdûker
Ut Wikipedy
Tûfdûker | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Podiceps auritus |
De Tûfdûker (Podiceps auritus) is in yn Fryslân hast net foarkommend famyljelid fan de hjerringslynder.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De 30-38 sm grutte tûfdûker is hast like grut as in Swarthalsdûker, wêr't der in protte op liket. Yn syn briedkleed hat der in swarte kop mei geel-reade earplûmen. Fierder hat der in readbrune hals en bûk. Fierder binne de fearren swart. Hy hat in opfallend read each. Syn winterkleed is swartwyt mei in swarte krún en wite wangen. Fierder is der donker mei in wat ljochtere wite hals.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De fûgels briede in yn it noarden fan Jeropa, Aazje en Yslân. De fûgel is dêr meast te finen op marren tusken de nuddelbosken. De tûfdûker oerwinteret in stik súdliker, oant Súd-Jeropa ta. By't winterdeis is de fûgel ek mear oan de kust. De tûfdûker is in seldsume fûgel, it meast komt der foar yn bepaalde streken fan Sibearje.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Tûfdûker makket in driuwend nêst. Meastentiids leit it wyfke foar oant sân blau-wite aaien mei beige plakken. De aaiten wurde yn 22-25 dagen útbredt.