Readhalsdûker
Ut Wikipedy
Readhalsdûker | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Podiceps Griseigena |
De readhalsdûker (Podiceps griseigena) is krekt in slach lytser as de hjerringslynder. De 45 sm grutte fûgel komt allinnich yn de winter nei Fryslân. De readhalsdûkers briede meast yn East-Jeropa; oerwinterje dogge se rûnom de Noardsee mar ek wol yn Súd-Jeropa.
[bewurkje seksje] Uterlik
De readhalsdûker is yn it briedseizoen goed wer te kennen oan syn reade hals en syn griis-wite wangen. Winterdeis is er lykwols in stik minder maklik werom te kennen, om't er dan meast griis is. It meast opfallend is dan syn swarte snaffel mei giele woartel.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Lykas de hjerringslynders begjinne ek de readhalsdûkers yn april/maaie oan in opfallende pearfoarming. Foaral it wyfke bried de 3-6 aaien yn sa'n 23 dagen út. De jongen ferlitte fuort it nêst mar sitte de earste 10 dagen noch wol by de âlden op de rêch. Dêrnei moatte se sels swimme. Nei sa'n 8-10 wike kinne se harsels rêde.