Pompstersk
Ut Wikipedy
|
It Pompstersk is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it doarp Kollumerpomp, yn 'e midden fan 'e Fryske gemeente Kollumerlân. It wurdt hjoed de dei noch sprutsen troch likernôch 200 minsken, dy't almeast ta de âlderein hearre. It sprekkerstal nimt dan ek ôf.
It Pompstersk is in oergongsfoarm tusken it Wâldfrysk, dat yn it westen fan Kollumerlân sprutsen wurdt, en it Westerkertiersk, in Nedersaksysk dialekt dat yn trije doarpen yn eastlik Kollumerlân en yn it oangrinzgjende part fan 'e provinsje Grinslân sprutsen wurdt. Sa hat it Pompstersk bygelyks de Fryske "g" fan "gat" beholden, wylst men yn 'e buordoarpen Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum de "g" op 'e Nedersaksyske manear útsprekt, lykas yn "berch" of "brêge". Lykwols hat it Pompstersk mear gemien mei it Nedersaksysk as mei it Frysk en wurdt it sadwaande ta de Nedersaksyske dialekten rekkene.
[bewurkje seksje] Boarnen
- Feenstra, H., Duizend jaar Gronings taallandschap, Bedum, 1998.
- Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
- Reker, S., Gronings, Den Haach, 2002.
- Sijs, N. van der, ûnder redaksje fan, Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen, Amsterdam/Antwerpen, 1999.