Bosniakken
Ut Wikipedy
Bosniakken binne in Súd-Slavysk folk dat foar it meastepart yn Bosnje libbet, yn it Sandjak-gebiet op de grins fan Servje en Montenegro en sa fierder yn Kosovo.
De Bosniakken binne in lânseigen folk dat ûnder de Ottomaanske oerhearsking bekeard is ta de Islam. Sûnt dy tiid is it folk beynfloede troch East en West. Dit hat late ta in unyke kultuer, mar ek ta ferfolgings. It gefolch hat west dat fan de krekt wat mear as 2,6 miljoen Bosniakken likernôch 0,5 miljoen útreizge binne.
Bosniakken binne net itselde as Bosnjers, al is der in grut tal Bosniakken dat beide is.